Werynrjochting Swette-De Burd nei goed kwart iuw wurk feestlik ôfsletten

De werynrjochting fan it gebiet Swette-De Burd by Grou is freedtemiddei feestlik ôfsletten. Sûnt 1993 is der sa'n sechstjin miljoen euro stutsen yn de natuer, lânbou, wetterhúshâlding en rekreaasje yn it gebiet. As ôfsluter ûntbûn deputearre Johannes Kramer de kommisje dy't it wurk begelaat hat.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Om de lânboustruktuer yn it gebiet te ferbetterjen waard der in wetlike herferkaveling fan 1800 hektare grûn trochfierd.
Foar de rekreaasje waard tusken de Pikmar en de Wide Ie fiifentweintich hektare nij farwetter groeven, dat de namme Suderburds Wiid krigen hat. Ek binne der kearslûskes pleatst om farrûten berikber te meitsjen en is it eilân Eagehoek ynrjochte foar rekreaasje.

Natuer

By de werynrjochting hat it gebiet sa'n 500 hektare nije natuer krigen. Mear as de helte dêrfan leit op it eilân De Burd en is bedoeld foar greidefûgels. It is eigendom fan It Fryske Gea en is benammen bedoeld foar fûgels as de ljip en de tjirk. Ek it Unlân fan Jelsma, It Kobbelân, It Eilân-west en fjirtich hektare grûn foar partikulier natuerbehear waarden opnij ynrjochte.

Wetterhúshâlding

In nij gemaal op it eilân De Burd moat soargje foar in goeie ôfstimming fan it wetterpeil foar it greidefûgelgebiet, mar ek foar drûge huzen en tunen. Ek binne in oantal gemalen yn it gebiet opknapt of fuort helle, foar it ferbetterjen fan de wetterhúshâlding.
By de werynrjochting waard ek acht kilometer oan wâlkanten opknapt en krige in diel fan de wetters in natuerfreonlike sône.
De werynrjochting fan it Swettegebiet en it eilân De Burd waard dien yn opdracht fan de provinsje. Der waard dêrby gearwurke mei it Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea, de gemeente Boarnsterhim en, doe't dy net mear bestie, mei de gemeente Ljouwert.