Iepenbiere basisskoalle Sint-Nyk fusearret mei dy fan Skarsterbrêge

17 maaie 2019 - 21:31

De basisskoallen De Brêge út Skarsterbrêge en De Beuk út Sint-Nyk sille fusearje. Dêr ha de meisizzenskipsrieden fan de skoallen mei ynstimd. De fúzjeskoalle krijt de namme fan De Brêge en hat nei de simmerfakânsje sa'n 85 learlingen.

Foto: Gewoan Dwaan / Douwe Bijlsma

De beide skoallen binne al sûnt de simmer mei-inoar yn petear oer in fúzje. De kommende wiken nimme se ôfskied fan De Beuk yn Sint-Nyk.

(advertinsje)
(advertinsje)