Aldereinhofke Berltsum moat der rap komme, fine trije partijen

It hofke foar âlderen yn Berltsum moat der gau komme, as it oan Gemeentebelangen, FNP en VVD yn de gemeente Waadhoeke leit. Sy hawwe dêrfoar in inisjatyffoarstel yntsjinne. De trije partijen ha mei-inoar 14 fan de 29 sitten yn de ried. Yn it hofke soene âlderen byinoar wenje moatte, dy't no noch in in grutte gesinswente hawwe.
© Omrop Fryslân
De wurkgroep Kleiner Wonen hat in plan ûntwikkele mei tolve duorsume wenningen yn in hofke op it plak fan de eardere basisskoalle Lyts Libben. Oanlieding foar it foarstel fan de partijen is in memo fan it kolleezje fan B&W. Dy wolle earst ôfwachtsje wêr't de supermerk en in tydlik multyfunksjoneel sintrum (MFC) komme kinne.
Hendrik Terpstra fan de VVD fynt dat dêr net op wachte wurde moat. "Der binne yn it doarp genôch lege plakken dêr't de supermerk en it tydlike MFC komme kinne. Fan dit hofke is sa'n ferlet, dat der no aksje komme moat."

Plannen op de lange baan

De plannen foar it hofke binne op de lange baan skood troch de gemeentlike fúzje. Kees Arendz fan Gemeentebelangen: "Wy fine dizze inisjativen prachtich moai. It stelt âlderen by steat om langer thús te wenjen en foar de jongerein komt der romte yn de wenningen dy't sy efter litte."
"De oanlieding om lytsere wenningen te realisearjen lei der al folle earder", neffens FNP-riedslid Sijbe Knol. "Yn april 2017 hat de folsleine ried fan Menameradiel ja sein tsjin in foarstel om it ferlet te ûndersykjen en mei in konkreet foarstel te kommen. Dêr is dit in útfloeisel fan. Doarpsbelangen hawwe doe ek tige posityf reagearre en lokaasjes oandroegen."

Ferwachtingen skept

Ferline jier is de gemeente in omjouwingswet-pilot starten. Doel wie om projekten mei mearwearde en draachflak fierder te helpen en de realisaasje flugger ferrinne te litten. "Yn it ôfrûne jier binne tal fan easken oan de wurkgroep Kleiner Wonen yn Berltsum steld en kreas útfierd. Dêrneist binne der ferwachtingen skept. It is foar ús dan ek net winsklik dat it projekt no fertrage driget te wurden", seit VVD'er Hendrik Terpstra.
Mei it hofke soene de âlderen besparje kinne op enerzjy en gebrûk meitsje fan in oantal mienskiplike foarsjenningen.
Presintator Karen Bies praat mei Hendrik Terpstra fan VVD Waadhoeke