Brânwacht slút tankstasjon yn Drachten ôf nei lekkaazje

17 maaie 2019 - 20:47

In tankstasjon oan De Lange West yn Drachten is ticht nei in lekkaazje. Minsken dy't tanke woene, seagen de brânstof alle kanten op spuitsjen.

Foto: Srfotografie

It tankstasjon is folslein ôfset en is bûten wurking set. Dêrom kin op it stuit gjinien mear tanke. It is noch net dúdlik hoelang't de minsken net tanke kinne by dit tankstasjon.

(Advertinsje)
(Advertinsje)