Anja Haga (CU) besiket ek FNP'ers te ferlieden ta foarkarstim

De kâns is grut dat by de kommende Europeeske ferkiezingen net ien, mar twa Friezen yn it Europeesk Parlemint keazen wurde. Njonken VVD'er Jan Huitema út Makkingea hâldt ek Anja Haga út Dokkum rekken mei in takomst yn it Europeesk Parlemint. Sy stiet tredde op de list fan de ChristenUnie en wol har ûnder oare sterk meitsje foar in plestikfrij Europa. Sels besiket se sûnt begjin dit jier al safolle mooglik plestikfrij troch it libben te gean.
Anja Haga (CU) besiket ek FNP'ers te ferlieden ta foarkarstim
Haga hat wikenlang frij nommen om mei help fan partijgenoaten permanint kampanje te fieren mei help fan in kampanje-auto dy't op blauwe disel rydt. Njonken de kampanje op strjitte en yn sealtsjes wurdt ek drok online kampanje fierd, wêrby't hûnderten fragen fan potinsjele stimmers beäntwurde wurde.
Haga is der fanwegen de goeie útslach by de Steateferkiezingen foar har partij fan oertsjûge dat dy sit yn it Europeesk Parlemint mooglik wêze moat.
De ChristenUnie ûndertekenet it 'fjouwerpunteplan' foar Noard-Nederlân op 'e seedyk © Omrop Fryslân
Bykommend probleem is lykwols dat by Europeeske ferkiezingen folle minder minsken nei de stimbus geane. Dat makket in útslach folle ûnfoarsisberder. Haga presintearret har dêrom ek as 'Fryske kandidaat', foar kiezers dy't sa'n Fryske kandidaat-Europarlemintariër by de eigen partij misse, lykas CDA-stimmers of FNP'ers.
"Der siet allinnich in liberale Fries yn it Europeesk parlemint", seit Haga, ferwizend nei Huitema. "De minsken kinne no teminsten kieze tusken in liberale kandidaat en in kristlike kandidaat. Dat is altyd better."

Treinferbining, sirkulêre lânbou en minderheidstalen

Haga presintearre freed yn Moddergat har fjouwerpunteplan mei Europeeske spearpunten foar Noard-Nederlân. Dat waard op de seedyk ûndertekene troch fertsjintwurdigers fan de ChristenUnie-gewesten Fryslân, Grinslân en Drinte. Ek yn dy twa provinsjes wurdt drok kampanje fierd foar Anja Haga, seit de Grinslanner deputearre Henk Staghouwer.
De partij wol him de kommende jierren yn Europa ynsette foar de Waadsee, foar mear en bettere treinferbinings nei Noard-Nederlân, foar sirkulêre lânbou en foar de minderheidstalen Frysk en Nedersaksysk.
Swevende kiezer Reina Besteleur en Anja Haga fan de ChristenUnie