PvdA en D66 stelle fragen oer lege Fryske skoaladvizen

De fraksjes fan PvdA en D66 yn Provinsjale Steaten wolle witte wat it provinsjebestjoer dwaan sil tsjin it feit dat skoalbern yn Fryslân legere advizen foar de middelbere skoalle krije as it lanlik trochsneed. Dat dogge se nei oanlieding fan ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau. Dêrút die ek bliken dat it skoaladvys yn Fryslân minder faak nei boppen bysteld wurdt.
skoalleboerd © Shutterstock.com
Ut de útslach fan de eintoets dy't bern yn groep 8 meitsje, komt faak nei foaren dat de bern mear kinne as de eigen learkrêft tocht. Sa falt yn Achtkarspelen it advys fan de eintoets yn mear as de helte fan de gefallen (53%) heger út as it advys fan de learkrêft.

'Soarchlik byld'

PvdA en D66 neame dat in 'soarchlik byld'. Hielendal om't Fryslân, sa sizze de twa partijen, just ynset hat op in Fryske kampus fan de Universiteit fan Grins. "Niet iedereen hoeft naar de universiteit", ferdúdliket Bea Bijlsma fan D66. "We hebben behoefte aan vakmensen op alle niveaus. Ieder kind moet echter wel de kans krijgen zich op diens eigen niveau volledig te ontwikkelen."
De partijen wolle dêrom witte wat it kolleezje fan Deputearre Steaten dwaan sil om it 'ambysjenivo' yn Fryslân te ferheegjen.