René Hake: De Graafschap is licht favoryt yn twastriid mei Cambuur

17 maaie 2019 - 19:50

De Graafschap is yn de twastriid mei SC Cambuur yn de play-offs licht de favoryt. Alteast, dat tinkt Cambuurtrainer René Hake. Hy wie freed as gast by Fryslân Hjoed. Dochs jout er syn eigen ploech ek in prima kâns: "Dit seizoen was wisselvallig, maar op het eind werd het beter."

Omdat it oan de ein better gie, stiet Cambuur yn de play-offs. En dêryn giet it better. "Dat komt niet uit de lucht vallen", seit Hake. "Daar werk je een jaar aan." En dus meitsje de Ljouwerters noch hieltyd kâns op promoasje nei de earedifyzje. "Daar denk je pas aan als je in de finale staat. Maar het kan altijd, dat zie je elk jaar."

Werhelling fan 1998?

It is Cambuur ien kear slagge om te promovearjen nei de earedifyzje troch de play-offs. Dat wie yn 1998 en Mark Oosterhof siet doe yn de seleksje. Hy wit it noch goed. Yn de lêste wedstriid moast Cambuur tsjin Zwolle en de Ljouwerters wûnen mei 3-1. "Ik was toen geblesseerd", seit Oosterhof. "Brian te Vrede speelde een balletje door de benen van de tegenstanders, terwijl hij laatste man was. Trainer Han Berger keek naar z'n wisselspelers en zei direct: 'warmlopen'."

Oosterhof tinkt mei goede gefoelens werom op trainer Berger. "Hij maakte er echt een team van. Hij liet ons wel eens drie keer trainen op een dag. Dat was te zot, dus waren we met z'n allen tegen hem. Op die manier had hij er weer een team van gemaakt. Dat was een vooropgezet plan, vertelde hij me later wel eens."

Yntusken is Oosterhof konsjerzje oan it Lindecollege yn Wolvegea. "Ik ben bij NEC geblesseerd geraakt, zelfs amateurvoetbal zit er niet meer in. Ik ben aan een kant doof en m'n evenwicht is niet meer intact. Ik ben er in die tijd bij NEC drie maanden uit geweest om te revalideren, zelfs twee dagen nog op de intensive care gelegen."

Wol of net foar de groep?

Dit jier giet de rûte fan Cambuur nei de earedifyzje yn elts gefal fia Almere City (ferslein) en De Graafschap. Snein treft Cambuur de 'Superboeren' yn Ljouwert, takom woansdei is de weromwedstriid yn Doetinchem. By De Graafschap stiet trainer Henk de Jong (takom seizoen nei Cambuur) gewoan foar de groep. Hake fynt dat logysk: "Hij is gewoon trainer. Natuurlijk gaat hij gewoon voor de groep staan."

Yn it ferline is it wolris foarkaam dat in trainer dat dan net docht. By Cambuur sels: Gert Kruys wie trainer doe't de Ljouwerters yn de neikompetysje tsjin Den Bosch moasten, doe de nije klup fan Kruys. Hy hat doe sein: ik doch it net.

Hake bliid mei nije klup

Hake is dwaande oan syn lêste wedstriden as Cambuurtrainer. Takom seizoen sil er oan de slach by Jong FC Utrecht. Op it earste each net de meast oantreklike put foar in trainer, mar Hake sjocht dat oars: "Als je voldoening haalt uit je werk, dan is het prima. Als je trainer bent, werk je met een staf en een groep spelers. Die wil je verder helpen in hun ontwikkeling. Een club als Utrecht wil stappen maken, spelers laten doorstromen naar hun eerste elftal. Ze zien daar voor mij een grote rol weggelegd, dat voelt goed."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal René Hake
(advertinsje)