Siler Postma definityf net nei Olympyske Spelen

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat him definityf net pleatst foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Tokio. Hy hie noch in kânske om syn konkurrint Nicholas Heiner te ferslaan, mar om't er freed net syld wurde koe op it EK finnsilen yn Atene, seach Postma dy kâns ferfleanen.
Siler Postma definityf net nei Olympyske Spelen
Om him te pleatsen foar de Olympyske Spelen, hie er it op de twa kwalifikaasjetoernoaien better dwaan moatten as Heiner. Op de earste fan twa toernoaien slagge him dat al net. It EK yn Atene wie it twadde toernoai en ek dêr prestearret Heiner better as de Fries. "Dit is sport", seit Postma. "Het doet pijn dat ik het niet heb gehaald."

Net nei de medalrace

Yn Atene stiet Heiner op it fiifde plak. Postma hie noch in lyts kânske op in plak yn de medalrace, mar dan hie er freed goed prestearje moatten. Omdat de race fan freed net trochgean koe, kin Postma no ek net mear nei de medalrace. Tongersdei seach Postma de bui al in bytsje hingjen.
© Sailing Energy / World Sailing
Postma (36) hat oan trije Olympyske Spelen meidien. Yn 2012 behelle er syn bêste resultaat. Doe waard er fjirde. "Ik heb drie prachtige Spelen gehad", seit er. "Ik had graag ook deze spelen gehad. Het gevecht, dat je hart en ziel geeft. Daar geniet ik van."