UPDATE: Brân op hierboat Snits is ûnder kontrôle

17 maaie 2019 - 19:15

De brânwacht is freedtejûn oproppen foar in brân op in hierboat yn de Houkesleat by Snits. De fjouwer opfarrenden wiene al gau troch omstanners fan board helle. Krekt wat nei sânen wie de brân ûnder kontrôle.

Foto: Srfotografie

De brân wie yn de masinekeamer fan it skip. Foar it blussen waarden blusgroepen út Langwar, Heech en Snits oproppen. Der soene noch gasflessen oan board wêze, de boat sels fart op disel.

In lytse twa wiken lyn wie der ek al in skipsbrân oan de Hendrik Bulthuiswei yn Snits. Doe gie it om in elektrysk skip.

Trefwurden: 
brân Snits skipsbrân
(advertinsje)