Dochs gjin Ronde fan Súdeast-Fryslân takom wykein, mar organisaasje siket alternatyf

17 maaie 2019 - 18:26

De Ronde fan Súdeast-Fryslân giet takom wykein dochs net troch. Der binne te min motorplysjes beskikber om de hurdfytsers te begelieden. Tsien dagen lyn besleat de organisaasje de tocht ek ôf te sizzen, doe om't der te min jild wie. In pear oeren letter kaam dat jild der dochs. Mar troch al dat gedoch binne der no te min plysjes.

Ronde fan Súdeast-Fryslân - Foto: Rudie Ottens

Foar in feilige tocht binne der tolve motorplysjes nedich en der binne der noch mar acht beskikber. Marietje Holtrop fan de Stichting Wieler Promotie Olympia dy't de tocht organisearret baalt der behoarlik fan. "We kinne net sûnder de plysjes, dan wurde de risiko's te grut."

Jierren lyn wiene de problemen der noch net. "In jier as tsien lyn hiene we noch 20 à 25 plysjemotoaren. Troch besunigingen wurdt dat hieltyd minder. As boargermotoaren mear hanthavenje koene, soe al in oplossing wêze. No meie sy neat oan de kant sette, de plysje kin dat wol."

Motoaren no nei oare eveneminten

Ferline wike besleat de organisaasje earst om de wedstriid net trochgean te litten, fanwegen finansjele problemen. "We ha doe moarns de plysje ôfsein." Letter dy dei wie der in rêdingsplan, mar de plysjemotoaren wiene net mear beskikber. "Foar de roasters wiene se al lang bliid dat 12 plysjes frijkamen foar oare eveneminten." Lilk op de plysje is Holtrop net: "Sy ha ek ûntychlik har bêst dien."

De Ronde fan Súdeast-Fryslân is net de iennige hurdfytswedstriid mei sokke problemen. "Der binne ferskate wedstriden yn Nederlân dy't net trochgeane", seit Holtrop. "Yn Seelân ha se it der ek dreech mei. We ha dus ek gjin ferfelende reaksjes krigen fan ploechlieders of hurdfytsers, want se witte watfoar problematyk oft der spilet."

Sjen nei alternativen

Hielendal opjaan wol Holtrop net. Takom wykein wurdt der hoe dan ek net fytst, mar se is al op syk nei in alternative datum foar de wedstriid. "We ha ek al petearen hân mei de KNWU en de plysje. We besykje no in frij wykein te finen om de wedstriid ferride te litten. Byneed mei in koarter parkoers mei omlopen fan 20 kilometer. Sjen hoefolle plysje oft we dan nedich ha."

Marietje Holtrop fan de organisaasje

(advertinsje)
(advertinsje)