Friezen litte Europeeske subsydzjes lizze; Amelanners al hielendal

17 maaie 2019 - 17:49

Fryslân lit Europeeske subsydzjes lizze. Dat docht bliken út in analyze fan advysburo ERAC op fersyk fan de NOS. Grinslanners profitearje it measte fan Europeeske subsydzjes. Omrekkene nei ynwenners krigen Grinzer bedriuwen, skoallen en oerheden 1.500 euro de persoan oan Europeeske subsydzjes. Dat is fjouwer kear mear as Friezen.

Foto: ANP

Dat der relatyf in soad jild nei Grinslân giet, hat neffens ERAC te krijen mei de oanwêzichheid fan in universiteit, in akademysk sikehûs, de grins mei Dútslân en in oanmeldsintrum fan asylsikers yn Ter Apel. Dêr giet in soad subsydzje hinne. Wat Grinslân benammen goed docht, is gearwurkje om problemen yn de regio op de kaart te setten, lykas de ierdbeving- en krimpproblematyk.

Gjin universiteit yn Fryslân

Dat Fryslân relatyf sa'n bytsje jild krijt, komt ûnder oare trochdat hjir gjin universiteit sit en nei wittenskiplik ûndersyk giet just in soad Europeesk jild. Ek oare provinsjes sûnder universiteit, Drinte en Flevolân, steane leech yn de list.

Nederlân hat oant no ta yn totaal 4,9 miljard euro oan subsydzjes foar projekten krigen út de Europeeske begrutting fan 2014 oant 2020. Dat jild gie nei sa'n 11.000 ferskate organisaasjes en smiet 107.000 banen op.

Ferskil yn gemeenten

Fan de Fryske gemeenten, ha Ljouwerters it meast profitearre fan Europeeske subsydzjes. Yn trochsneed hat in ynwenner fan dy gemeente 316 euro ûntfongen. De Europeeske subsydzjes ha 964 ekstra banen opsmiten yn Ljouwert.

It Amelân stiet wat Fryslân oanbelanget ûnderoan. De Amelanners ha 18 euro de ynwenner krigen en it hat fiif ekstra banen op it eilân opsmiten.

(advertinsje)
(advertinsje)