'Underwetterrestaurant by Polderhoofdkanaal'

© Omrop Fryslân
Technasiumlearlingen fan skoallemienskip Liudger út Drachten hawwe tongersdei plannen presentearre om it gebiet om it Polderhoofdkanaal hinne oanloklik te meitsjen foar rekreaasje. Santich learlingen hawwe de ôfrûne wiken op skoalle neitocht oer mooglikheden om toeristen nei it kanaal te krijen.
Trije plannen binne toand oan wethâlder Jonkman fan de gemeente Opsterlân. It giet om ideeën foar bygelyks in ûnderwetterrestaurant by Nij Beets, in bistesafary neist it kanaal en boartersboat. It Polderhoofdkanaal moat yn 2015 wer fiepen.