Takomstich provinsjebestjoer siket mear gearwurking mei Wetterskip

17 maaie 2019 - 17:31

Formateur Evelien Blaauw rekkenet der noch hieltyd op dat Fryslân ein juny in nij kolleezje fan Deputearre Steaten hat. It is yntusken twa moanne lyn dat Fryslân stimd hat, mar der sit foarútgong yn: "We zijn zorgvuldig met hoe we de zaak aanpakken. Liever kwaliteit dan snelheid." De fjouwer partijen dy't prate oer in akkoart, binne CDA, PvdA, FNP en VVD.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ien fan de saken dy't bepraat is, is de gearwurking mei oare partijen. "Er zijn veel thema's die inzet vragen van de gemeenten, het waterschap én de provincie", seit Blaauw. "Dat zal leiden tot intensievere samenwerking." Der geane lûden op om de wetterskippen ûnder de provinsjes falle te litten, mar dat sjocht Blaauw net barren. "Dat is niet aan de orde."

De lêste wiken hat de provinsje him byprate litten troch ûnder oare Wetterskip Fryslân, Vereniging van Friese Gemeenten en it Fries Sociaal Planbureau.

Letter de ynhâld en it budzjet

De ûnderhannelingen oer it nije kolleezje geane net dreech, fertelt Blaauw. "Er zijn nu geen lastige punten. Later krijgen we nog discussies over de inhoud en het budget. Dat komt pas aan het einde, maar dat werkt nu niet belemmerend."

Der is wol wat wranteligens út de opposysje wei, want dy wolle meiprate. "Ik begrijp dat wel", seit Blaauw. "Ze hebben gevraagd om een grotere betrokkenheid bij dit proces. De coalitiepartijen zijn zich aan het beraden over hoe ze dat gaan doen."

Formateur Evelien Blaauw

(Advertinsje)
(Advertinsje)