Seelucht grutte troef foar in 'kueroard'-sintrum op it Amelân

17 maaie 2019 - 17:25

Op it Amelân moat dit neijier in sûnenssintrum komme, it saneamde Vitaliteit Centrum Ameland (VCA). Hjir kinne pasjinten terjochte foar ferskate behannelingen. Grutte troef moat de skjinne loft op it eilân wêze, om mei te helpen oan in sûner en nofliker libben. Fanâlds hawwe de Waadeilannen in heilsum imago, dat idee wurdt no nij libben yn blaasd.

Foto: Omrop Fryslân

It sintrum komt der foar minsken mei in fraach nei fitaliteit. It Amelân moat neffens de inisjatyfnimmers in 'healing environment' wurde. Troch de sûne omjouwing op it eilân moat de kwaliteit fan libben tanimme. It giet benammen om onkologyske refalidaasje, longsykten, obesitas en ophâlde mei smoke.

Koöperaasje

Fjouwer manlju binne dwaande mei it opsetten fan it VCA: longarts Paul van Siegel, soarch-adviseur Kees van der Ploeg, kardiolooch Roderik Kraaijenhagen en fysioterapeut Gerard Metz. Sy hawwe sûnensprogramma's opsetten en binne yn oerlis mei de gemeente, soarchferlieners, Zorg Coöperatie Ameland en eigners fan akkommodaasjes.

VCA wurket as in koöperaasje en moat leden krije ûnder bygelyks hûsdokters, longartsen, Fysiotherapie Ameland en Zorg Coöperatie Ameland. De Waadkampus op it eilân moat meihelpe om de effekten te mjitten.

Net nei Switserlân, mar nei It Amelân

In earste resultaat: yn hotel Noordsee yn Nes binne koartlyn 24 keamers 'hypoallergeen' ferboud, sa dat it gjin allergyske reaksjes oproppe moat. Dêr soe al soarch en terapy oanbean wurde kinne troch in medysk team. Longpasjinten hoege sa bygelyks net mear nei Switserlân foar in skjinne lucht en soarch, mar kinne ek op It Amelân terjochte.

(advertinsje)