Ljouwerter riedsleden fergaderje net, mar sille nei Doetinchem foar Cambuur

17 maaie 2019 - 17:02

Der is takom woansdei 22 maaie gjin gewoane riedsgearkomste yn de gemeente Ljouwert. Reden is dat de Ljouwerter riedsleden nei de wedstriid De Graafschap - SC Cambuur sille.

De gemeenteried fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De spilers fan trainer René Hake kin neffens de gemeente alle stipe brûke yn Doetinchem. It is de weromwedstriid yn de twadde ronde fan de play-offs. Takom snein treffe de ploegen inoar yn Ljouwert. De winner fan de twastriid pleatst him foar de play-offfinale.

Neffens de gemeente is it in 'welkom uitje' foar de riedsleden, om't se in spannende perioade efter de rêch ha mei de foardracht fan de nije boargemaster. Boppedat lit de aginda it ta om in kear net gear te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)