Fierljepster Marrit van der Wal makket nei knibbelblessuere rentree yn Bûtenpost

17 maaie 2019 - 16:43

Marrit van der Wal fan It Heidenskip is noch mar 20 jier, mar sy ljept al jierren yn de top mei. Troch in sky-ûngelok ferline jier yn febrewaris stie de 'Bêste Fryske sporter fan 2017' it hiele seizoen oan 'e kant. Yn april 2018 krige sy in nije krúsbân yn 'e rjochterknibbel. In goed jier letter stiet Van der Wal wer op 'e skâns: sneon sil se yn Bûtenpost foar it earst wer in wedstriid ljeppe.

Van der Wal goed

Sûnt 16 july 2016 stiet it Nederlânsk rekôr fierljeppen by de froulju op 17,58 meter. Op in simmerjûn yn Burgum ljepte Marrit van der Wal yn har earste sprong by it Keningsljeppen doe acht sintimeter fierder as it âlde rekôr fan Dymphie Baas-van Rooijen (17,50 meter).

Marrit van der Wal - Foto: Martin de Jong

Yn 2014, sy wie doe 16 jier, waard Van der Wal foar it earst Frysk kampioene. Dy titel pakte Van der Wal yn 2015 wer.

Se is ek hâlder fan it Nederlânsk rekôr by de famkes (16,57). Dat ljepte se yn 2014 yn Drylts. Op dy akkommodaasje waard Marrit van der Wal ek de earste frou dy't de magyske grins fan 17 meter foarby ljepte. Se ljepte doe 17,02 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)