Maarten van der Weijden test it Fryske swimwetter by Snits: "Niet warm, maar dat geeft niet"

17 maaie 2019 - 16:36

Maarten van der Weijden hat freedtemiddei it Fryske swimwetter test. Foar it each fan tsientallen Fryske bern plompte Van der Weijden tegearre mei deputearre Sietske Poepjes it wetter yn by De Potten yn Snits. It wie it offisjele startskot fan it swimseizoen yn Fryslân.

It wie tagelyk ek it offisjele yn gebrûk nimmen fan trije driuwende húskes fan de Marrekrite. De húskes lizze op ferskate lokaasjes yn it wetter fan de Súdwesthoeke om it foar boatsjeminsken makliker te meitsjen om harren smoarge wetter net mear samar oerboard te smiten. Se kinne harren húskes leegje by dizze driuwende toiletgebouwen, mar kinne der ek nei it húske gean.

It giet earst om in pilot. De driuwende húskes kostje goed 120.000 euro it stik en dus wurdt earst besjoen oft it in sukses is. As dat sa is, dan wol de Marrekrite yn oparbeidzjen mei de provinsje en Wetterskip Fryslân nochris njoggen fan dit soarte fan húskes bouwe litte.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Maarten van der Weijden is entûsjast oer it projekt. Ferline jier koene minsken net mei him mei swimme by syn Alvestêdetocht om't it wetter te smoarch wie. Dat moat neffens him dit jier oars. "Dat was echt heel vervelend en dat willen we dit jaar niet weer", seit Van der Weijden. "Daarom gaan we het meezwemmen ook organiseren in Stavoren. Daar is de kans op schoon water wat groter en bovendien zitten we nu wat meer vooraan in de zomer. Dat helpt ook."

De tocht fan Maarten van der Weijden fynt dit jier ein juny plak.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Van der Weijden is folop yn training. Sa hat er ferline wike al swom yn de Iselmar en freed dus by de Potten yn Snits. It wetter is noch wol wat kâld, mar dat makket Van der Weijden net út. "Het is zo'n 12 graden. Dat is niet echt warm, maar dat geeft niet. Ik moet nu wel heel hard gaan trainen, want ik wil niet alleen weer heel veel geld ophalen, maar ik wel het vooral dit keer wel halen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)