Privatisearring Holland Casino op 'e lange baan skood

De privatisearring fan Holland Casino giet foarearst net troch. It kabinet lûkt it wetsfoarstel yn. Der is yn de Earste Keamer net genôch stipe foar it plan, seit minister Sander Dekker fan Rjochtsbeskerming. It kabinet woe de Holland Casino's ferkeapje. Ek yn Ljouwert stiet in fêstiging.
Holland Casino yn Ljouwert © Google Street View
In nije wet dy't online gokke mooglik makket, helle it yn febrewaris wol yn de Earste Keamer. Dêrmei feroaret der yn koarte tiid sa folle yn it Nederlânske goklânskip, dat in protte leden yn de Earste Keamer leaver efkes wachtsje mei de privatisearring fan Holland Casino.

Tsjingean gokferslaving

Boppedat hechtet de Earste Keamer in protte wearde oan de rol fan it steatsbedriuw by it tsjingean fan gokferslaving, die yn febrewaris bliken. Doe behannele de senaat de privatisearringswet. Boppedat soe de takomst fan it steatsbedriuw net genôch garandearre wêze.
Minister Dekker soe mei in nij foarstel komme, mar hat no besletten dat op de lange baan te skowen. Dat komt der yn de praktyk op del dat Holland Casino yn dizze kabinetsperioade net mear nei de frije merke giet.

Fakbûnen bliid

Fakbûnen FNV en De Unie binne bliid mei it beslút fan Dekker. Sy wiene der benaud foar dat de arbeidsbetingsten gefaar rinne soene by privatisearring.
Holland Casino sels reagearret noch net. It bedriuw is eksploitant fan fjirtjin kasino's dy't mei-inoar mear as in miljoen besikers it jier lûke. Ferline jier makke Holland Casino in winst fan goed 59 miljoen euro.