Slachterij Drachten mei wer iepen nei geweldynsidint

17 maaie 2019 - 15:19

De slachterij Abattoir Drachten, dêr't koartlyn in ynspekteur fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) delslein waard troch de eigener, mei wer iepen. Nei it ynsidint waard de fergunning fan de slachterij ynlutsen, mar nei petearen mei der fan moandei ôf wer slachte wurde.

Foto: ANP

Der binne wol in tal betingsten oan it wer iepen gean ferbûn. Sa mei de eigener fan de slachterij net oanwêzich wêze as de ynspekteurs fan de NVWA har kontrôles yn de slachterij dogge. Boppedat wurdt der troch twa meiwurkers fan de NVWA tafersjoch hâlden, yn stee fan troch ien. De ekstra kosten dêrfan komme foar rekken fan de slachterij.

De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei it geweld tsjin de ynspekteur, dêrnei sil it iepenbier ministearje bepale oft de eigener ferfolge wurdt.

Neffens de plysje rûn de saak út de hân by de keuring fan in ko. De eigener fan it slachthûs krige wurden mei de froulike feedokter en dêrby soe er de dokter slein hawwe. It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle.

De Partij voor de Dieren stelde yn de Twadde Keamer fragen oer it ynsidint. Keamerlid Esther Ouwehand wol witte wat der barre moat foardat de ministers in slachthûs definityf slute sille. De Partij voor de Dieren freget ek oan de ministers oft it harren bekend is dat guon ynspekteurs ek wol 'kûgelbrieven' krije en somtiden mei de famylje ûnderdûke moatte.

3.000 euro boete

It Drachtster slachthûs kaam al earder negatyf yn it nijs. De eigener hat yn de simmer fan 2018 in boete fan 3.000 euro krigen, omdat der kij oanfierd waarden dy't kreupel en siik wiene. Dêrfoar wie dat ek alris bard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)