Cambuur optimistysk oer konfrontaasje mei De Graafschap: "We staan er goed op"

Cambuur is optimistysk en libbet ta nei de wedstriid yn de play-offs tsjin De Graafschap. Nei de 2-1 oerwinning op Almere ôfrûne tiisdei, begjint de neikompetysje te libjen. Ek by de supporters dy't Cambuur tiisdeitejûn mei fjoerwurk binnen hellen op it Cambuurplein.
Cambuur optimistysk foar play-offs tsjin De Graafschap
Trainer René Hake fûn dat prachtich: "Dat onthaal van dinsdag speelt wel mee. Dat is mooi en de spelers ervaren dat als heel prettig."

Henk de Jong

De wedstriid tsjin De Graafschap is ek de wedstriid tsjin trainer Henk de Jong, dy't takom seizoen wer trainer is fan Cambuur. Neffens Hake spilet dat totaal gjin rol binnen syn seleksje. "Nee, dat sentiment leeft niet. Wij zijn als team zover gekomen en moeten het nu ook als team weer doen."
Trainer René Hake foar De Graafschap
By Cambuur kin Xavier Mous wer keepe. Op de training fan freed giene Robbert Schilder en Sai van Wermeskerken earder fan it fjild ôf, mar dat betsjut neffens Hake neat. "Dat is gewoon uit voorzorg. We staan er goed op." Kevin van Kippersluis ûntbruts op de training fan freed fanwegen famylje-omstannichheden.
Matthew Steenvoorden foar De Graafschap
Neffens Hake is it útgongspunt foar dizze wedstriid itselde as yn de earste ronde fan de play-offs. "In de eerste wedstrijd gaat het er weer om een goede uitgangspositie te creëren. Winnen zou natuurlijk het mooiste zijn."
Mar ek lykspylje soe in goed útgongspunt wêze. Cambuur spilet de lêste tiid benammen yn útwedstriden goed.
© Orange Pictures