Grutske heit Bernhard van Haersma Buma hat betrouwen yn syn soan

17 maaie 2019 - 15:10

Grutsk, dat is Bernhard van Haersma Buma (87) út Ljouwert. Syn soan Sybrand wurdt de nije boargemaster fan de gemeente Ljouwert en dêrmei set hy in famyljetradysje troch. Heit Bernhard wie ek al boargemaster, fan Warkum en Snits. Ek pake Sybrand Marinus van Haersma Buma wie boargemaster, fan Starum.

Heit Buma hearde it nijs tongersdeitejûn fan syn soan sels. "Hy hat ús justerjûn daliks skille, rûn tsien oere," fertelt Bernhard Buma. "It wie net in grutte ferrassing, mar yn de polityk witte je nea hoe't de hazzen rinne."

Alle betrouwen

Hy hat alle betrouwen yn it boargemasterskip fan syn soan en tinkt net dat hy syn soan it fak noch hoecht te learen. "Myn frou en ik fine it fansels prachtich, wy binne der hiel bliid mei."

Foto: Omrop Fryslân

De funksje fan boargemaster mei dan in oare tak fan sport wêze as dy fan lieder fan in politike partij, mar neffens senior hat syn soan genôch yn syn mars. "It is yndie sa dat de politike wrâld en it bestjoerlike wurk fan in boargemaster in ein útinoar lizze, mar der binne fansels ek altyd ferbiningen tusken. It is altyd yngroeie yn de nije funksje."

Soan wer tichter by hûs

En wat net eltsenien wit: der wie ek al ris earder in boargemaster Buma fan Ljouwert. "De measte minsken tinke miskien: de heit en de pake ha ek boargemaster west. Mar minsken witte oer it algemien net dat hy de twadde boargemaster yn Ljouwert is. De earste wie ús foar-foar-foarheit Bernhardus, yn it begjin fan de njoggentjinde iuw. Dy wenne doe op it steedhâlderlik hôf," leit Van Haersma Buma út.

Mar foar Bernhard Buma en syn frou is it wichtichste nijs eins dat harren soan wer wat tichter by hûs wenjen komt.

Bernhard van Haersma Buma (87) oer syn soan

(Advertinsje)
(Advertinsje)