Binnenfiskers sette ielfiskjes út om de fisksoart der boppe-op te helpen

17 maaie 2019 - 14:51

Hûnderttûzenen jonge ielfiskjes binne freed yn it Fryske wetter loslitten. Dat barren makket diel út fan it saneamde 'Aalherstelplan'. Sûnt 2009 binne der maatregels naam om de ielstân te ferbetterjen. Sa wurdt der minder op iel fiske en wurde de fiskjes dus ek yn grutte oantallen te wetter litten.

Binnenfiskers sette ielfiskes út

Stichting DUPAN set yn gearwurking mei it ministearje fan Ekonomyske Saken mear as trijekwart miljoen jonge iel út yn Fryslân. De Fryske beropsfiskers litte sa'n 770.000 ielen fan harren boaten ôf yn it wetter. Dêrmei wurdt in wichtige ympuls jûn oan it tal iel yn ús provinsje.

Sykje nei in lykwicht

Otto van der Galiën wie út namme fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân oanwêzich. "Ik fyn it wol in kear goed om te sjen hoe't soks yn de praktyk giet", jout Van der Galiën oan. "Dit binne dochs unike mominten, it is hiel wichtich foar de ielstân yn de takomst. Dêrom is it goed dat wy fan it Wetterskip út dêrby binne."

Van der Galiën: "Dat der mear iel komt, is tige goed foar it ferskaat. Dochs is it sykjen nei in lykwicht." It wetter moat skjin wêze, mar der moat ek genôch iten foar de fisk wêze.

Benammen de plezierfeart jout problemen. "Der binne in soad minsken dy't gewoan harren ôffalwetter yn de mar ôffiere, mar dat is fansels net goed." Neffens fisker Pascal Sannes kin it bygelyks skealik wêze as minsken medisinen ynnimme dy't fia harren ûntlêsting yn it wetter terjochte komme kinne.

Op 'e Tsjûkemar

De beropsfiskers litte de lytse iel ûnder oare yn it wetter fan de Tsjûkemar, mar ek op guon oare plakken.

Fisker Pascal Sannes en Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)