Selstraf foar perforearre eachbol nei kafeerúzje Kollumersweach

In 22-jierrige Eanjumer dy't op 24 novimber yn kafee Prins yn Kollumersweach in 24-jierrige ynwenner fan dat plak mishannele, moat acht moanne sitte. De rjochtbank lei him njonken de finzenisstraf ek noch fjouwer moanne ûnder betingst op.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It slachtoffer rûn in perforearre eachbol op. De rjochtbank bepaalde dat de Eanjumer him in skeafergoeding fan hast 11.000 euro betelje moat. Hy moat him ek behannelje litte by de ferslavingssoarch. De man hie it slachtoffers slein mei in fjoeroanstekker yn 'e han en hy droech in segelring.

Klappen boppe de muzyk út

Op 'e dûnsflier fan Prins hie in groep út Kollumersweach spul krigen mei in groepke Eanjumers. De Eanjumer dieder sei dat er syn broer helpe woe. Hy sloech it slachtoffer op 'e holle. Neffens tsjûgen wie dat sa hurd, dat de klappen boppe de muzyk út kamen. It slachtoffer hat bliuwend ferlies fan it gesichtsfermogen oprûn.
Op de sitting twa wiken lyn neamde er it 'laf' dat de Eanjumer noait kontakt mei him opsocht hat.