Jumbo ropt Frysk gehak mei salmonella werom

17 maaie 2019 - 13:55

Supermerkketen Jumbo ropt syn Frysk mingd gehak werom. Yn it fleis sit mooglik de salmonellabaktearje. Fan dy baktearje kinne je goed siik wurde. As it gehak goed trochbakt wurdt, giet de baktearje dea en is der gjin risiko.

Foto: Jumbo Supermarkten

De salmonella is by in reguliere kwaliteitskontrôle oantroffen. Mooglik binne ek sopbaltsjes, bargebriedwoarst en sausizen besmet. Klanten kinne it fleis werombringe nei de winkel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)