Heechterp-Skieringen oer Buma: "Ik hie leaver in PvdA-mantsje hân"

"Ik hie leaver in PvdA-mantsje hân, mar we sille sjen wat it wurdt", dat wie ien fan de lûden dy't freedtemoarn te hearren wiene yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen. De beneaming fan Sybrand Buma ta boargemaster rôp dêr mingde reaksjes op, mar de measten gunden him wol it foardiel fan de twivel.
It wyksintrum fan Heechterp-Skieringen © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer René Koster gie nei Heechterp-Skieringen
"We ha hjir úteinlik leaver in CDA'er as in Wilders ofsa." Fierder kaam de opmerking foarby dat it net in soad útmakket oft je no troch de hûn of de kat biten wurde.
Oaren wiene mear útsprutsen: "Fantastysk dat we Buma hjir krije! Is wer ris wat oars as in PvdA'er!", mar ek: "Weer sun man met in boel geld. Sun opfreter en dy komt der dan weer bij. Wij hè dêr niks over te sêgen..."
In wykbewenner dy't Buma typearre as 'saai' en dêrom net passend by it brûzjende Ljouwert, koe him ek wol fine yn de omskriuwing 'deeglik", wat wer in stik freonliker klinkt. Oaren wiene it dêr mei iens: "It hoeft oek weer gien lolbroek te wezen....."