Buorkerij yn Jannum dêr't himpkwekerij ûntdutsen is, giet trije moannen ticht

17 maaie 2019 - 12:18

In drugspân yn Jannum is sletten troch boargemaster Hayo Apotheker fan Noardeast-Fryslân. De wente fan in buorkerij oan de Ledyk yn Jannum is foar trije moannen sletten. Der binne posters oanbrocht dêr't op stiet dat it drugspân ticht is.

Foto: Noardeast Fryslan

Op 9 april waard der in himpkwekerij mei 1.161 planten fûn yn de buorkerij. De stroom waard yllegaal ôftape. Neffens de plysje bart it hieltyd faker dat boeren troch kriminelen benei kaam wurde om skuorren te ferhieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)