Aldste dochterûndernimming fan it Frysk Hynstestamboek fiert 35-jierrich jubileum

De âldste dochterferiening fan it Frysk Hynstestamboek fiert dizze simmer har 35-jierrich jubileum. It giet om de 'Frisian Horse Association of North America.' It jubileum wurdt yn july fierd. It Hynstestamboek organisearret nei oanlieding dêrfan in reis, der fleane 50 minsken fan Nederlân nei Alberta (Kanada) om dat mei te fieren.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Ek sille se by ferskate Fryske hynsteleafhawwers yn Alberta del. Bygelyks nei de famylje Wiersma, dy't yn de jierren '70 nei Kanada gie en as ien fan de earsten Fryske hynsten yn Noard-Amearika ymportearde.
Ek de famylje Paagman krijt besite. Sy wenje midden yn de Rocky Mountains en dogge bysûndere trektochten mei harren hynders troch Amearika.