Stedhûs Boalsert moat mear as 100.000 besikers yn it jier lûke

17 maaie 2019 - 11:18

Op syn minst 100.000 besikers it jier moatte der yn de takomst ôfkomme op it ferboude stedhûs fan Boalsert. Dat is de ambysje fan projektlieder Sietse la Roi. Hy is al sûnt 2011 dwaande mei de tariedingen fan de ferbouwing. In maklike put wie en is dat net. Sa is it iuwenâlde gebou in monumint en kinne je der net samar alles omgoaie.

Harkje nei de projektlieder

Mar de ynrjochting freget dêr somtiden wol om. En dan is der noch it jild: de ferbouwing kostet 13 miljoen euro. Dat jild wie der lange tiid net, mar ferline wike hat de gemeenteried der lang om let in klap op jûn. De bou kin los.

Al langer soargen

Al by de gemeentlike fúzje, no goed tsien jier lyn, wiene der yn Boalsert soargen oer it âlde stedhûs. It gebou, dat yn de santjinde iuw ûntwurpen waard troch Gysbert Japicx, kaam leech te stean. Mar, sa sei de nije gemeente, dat soe net lang duorje. It gebou is ien fan de moaiste stedhuzen fan Nederlân en dêr soe dochs maklik in nije bestimming foar fûn wurde kinne.

Mar sa maklik wie dat net. It duorre oant 2011 foardat foar it earst echt konkrete stappen set waarden. De biblioteek fan Boalsert moast omsjen nei in nije bestimming en liet dêrby har each falle op it monumintale pân in pear hûndert meter fierderop. Se krigen tastimming fan de gemeente om dêr ris nei te sjen. En út ûndersyk die bliken dat dat prima past. De biblioteek koe wol nei it stedhûs.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dêrmei wie in earste ynfolling fûn. Mar allinnich de biblioteek yn it stedhûs wie net genôch. Der wiene ek oare partijen nedich. Dus begûn de syktocht op 'e nij. Pas doe't dúdlik waard dat de gemeente har gebouwen oan de Merkstrjitte yn Snits folslein ferbouwe soe, kaam in nije partner yn sicht: de gemeente sels. Want de argiven fan de gemeente moasten in nij plak ha.

Flinke ferbouwing

En dat plakje is dus yn it âlde stedhûs fan Boalsert. Dêrfoar moat lykwols wol it nedige ferboud wurde. De stúdzjeseal fan it argyf is yn it besteande gebou, mar de dokuminten sels komme oan de efterkant yn in nij te bouwen diel. It is ien fan de grutste ferbouwingen dy't plakfine sil.

Dêrneist moat ek it besteande gebou wol flink oanpakt wurde, mar om't it in monumint is, wurdt dêr sa min mooglik oan feroare. Benammen it âldste diel út de santjinde iuw bliuwt sa folle mooglik sa't it no is.

It moat it histoaryske sintrum wurde fan de hiele súdwesthoeke fan de provinsje.

Projektlieder Sietse la Roi

"Mar dat betsjut net dat der hielendal neat feroaret", seit La Roi as er de âlde riedseal yn rint. It is ien fan de moaiste plakjes fan it gebou, mei houtsnijwurk rûnom de doarren en glês yn lead yn de ruten. "Om dit diel yn de takomst ek tagonklik te meitsjen, moatte we in part fan de muorre iepenbrekke. Dêr komt dan in nije yngong, om ek bygelyks minsken yn in rolstoel binnen te krijen."

De riedseal sil yn de takomst wer romte biede oan trouwerijen, mar de wichtichste funksje is dat der histoaryske útstallingen komme. Neist de biblioteek en it argyf wurdt dat de wichtichste funksje fan it Boalserter stedhûs. "We wolle hjir in oantal fêste útstallingen hawwe oer de skiednis fan Boalsert, mar ek fan de fiere omjouwing. It moat it histoaryske sintrum wurde fan de hiele súdwesthoeke fan de provinsje."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

En de hoop is dat it in soad ekstra besikers opsmite sil. "We wolle al mei al mear as hûnderttûzen minsken binnen helje. Dit moat harren startpunt wêze foar in rûnreis troch dizze hoeke fan Fryslân", seit La Roi. "Se kinne hjir yn de takomst guod fine oer de Twadde Wrâldoarloch, mar mei in ferwizing nei it Kazemattenmuseum foar mear. En saken oer skipfeart, mei in ferwizing nei it Skipfeartmuseum."

Tsien jier leech

Mar foar it safier is, moat der wol in soad barre. De ôfrûne tsien jier hat it gebou leech stien. En dat is te sjen. De ferve fan de muorren lit los en oeral leit wol wat rotsoai. Ek de yngong fan it gebou moat noch folslein oars wurde, foardat de earste minsken komme kinne. De âlde yngong oer it bordes foldocht net oan de easken fan de tiid en dus wurdt der in nije makke krekt derneist. Troch dy nije doar moatte je dan in brede publyksromte binnen komme dy't je fierder bringe moat nei de biblioteek, it argyf of it histoarysk sintrum.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

La Roi is bliid dat it lang om let sa fier is. Hy hat der sels goed sân jier mei dwaande west. En it duorret noch yn elts gefal oan 2021 foardat de ferbouwing klear is. As hikke en teine Boalserter wie dat somtiden wol frustrearjend. "Mar as je betinke dat it gebou der al mear as 400 jier stiet. Wat makket dy lêste pear jier dan noch út."

(advertinsje)
(advertinsje)