Kollum: "Bewust neat dwaan"

"Doe't wy ús ponny Sinne krigen, as nij maatsje foar Mindert, wie se hiel spand. No is dat op himsels ek net sa apart, want se moast ferhûzje, by har fôle wei en hjir wie alles frjemd fansels. Lokkich wiene sy en Mindert al gau hiel wiis mei elkoar, mar it duorre bêst wol lang foardat se har echt ûntspanne koe.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
Se hie de sturt stiif tsjin 'e kont, stie altyd fan de iene foet op de oare te wippen en se fielde oan as sa'n blomke dat út elkoar spat ast der tsjinoan tikkest. Ik ha har behannelje litten troch in osteopate en dêrnei ha 'k har mar gewoan safolle mooglik mei rêst litten. Bewust neat dwaan, neam ik dat, want alles dat ik net die, hie in doel.
Se gong wol altyd braaf mei nei it lân, mar ik koe har net boarstelje as se los stie. Se rûn altyd by my wei, dus ik boarstele har hast net. Ik koe har fansels wol fêstsette, mar dan hie se gjin kar en ik wist dat se it net woe. Krekt nei in jier kaam se foar my stean doe't ik Mindert boarstele. En dat doch ik hast alle dagen.
Dat wie har manier om oan te jaan dat se der klear foar wie, mar it momint duorre net sa lang. Dochs wie ik sa bliid en dêrnei kaam se eins altyd by my stean as ik mei Mindert dwaande wie. Har sturt siet ek net mear fêst oan har kont want as ik dy boarstele, dan koe se har hieltyd better ûntspanne en se siet ek net mear sa strak yn har fel.
By de minsken dêr't ik har kocht ha, hat se in goed plakje hân, mar wêr't dy har wei hawwe, dêr hiene se har twivels oer. En dat ha ik ek, want ik mocht net oan har holle komme en as ik bygelyks ûnferwachts in mich fuortjage mei myn hân, dan skeat se nei achteren as woe ik har deaslaan. Har holle is ek nochal bryk, mar we witte net hoe't dat kin.
Se die de bine ek altyd ôf yn it lân en doe ha 'k har mar gewoan in tou om 'e hals dien. De knip tusken twa knopen sadat it net te stiif wurde kin en sa rint se rêstich mei. Mindert is in echte krûpkont, hy jout sels tútsjes, mar Sinne bleau altyd wat ôfstanlik. Net mei Mindert, mar al mei minsken.
Ik bin op in bepaald momint begûn mei in pear frijheidsdressueroefeningen mei Sinne. Mindert fynt dat prachtich en Sinne woe ek graach wat dwaan. Dochs wie it wol dreech om mei har te wurkjen, omdat se al gau wer hiel drok en spand wie. Se die alles tagelyk en yn har holle like it wol in flipperkast te wêzen.
Mar ek dat giet no hiel goed. Se is in stik rêstiger wurden en wurket echt mei. En mei tank oan Nelleke Hienekamp, dy't ús de lessen jout, falt Sinne hieltyd mear teplak mei harsels. Ik praat in soad tsjin har en sis faak dat se moai en leaf is. En sûnt in pear wiken komt se wol gauris by my stean en dan kin ik sels mei har krûpe.
Ik mei in earm om har hinne slaan, ik kin har tútsjes op de earen jaan en oer de holle aaie fynt se no ek noflik. Ik leau dat se nei twa jier einlings it fertrouwen fûn hat, wylst ik skynber net in soad mei har dien ha. Bewust 'neat' dwaan en dochs in soad berikke; Ik kin it elkenien oanriede."