Sybrand Buma oer syn nije funksje: "Foar my fielt it as thúskomme yn Fryslân"

17 maaie 2019 - 10:38

CDA-foaroanman Sybrand van Haersma Buma (53) is der tige wiis mei dat hy boargemaster fan Ljouwert wurdt. Tsjin Omrop Fryslân seit hy, yn it Frysk: "Foar my fielt it noch in bytsje as thúskomme yn Fryslân. Ik bin berne yn Warkum, haw wenne yn Snits en Ljouwert is dé grutte stêd en in nije gemeente nei de weryndieling. It is in moaie gemeente en ik sjoch der nei út dêr wurkje te kinnen."

Buma yn novimber 2013 yn Ljouwert, nei in kongres fan it CDA - Foto: ANP

"Ik bin fereare mei de oanrekommandaasje fan de ried yn Ljouwert, en ik tankje se ek foar it betrouwen dat sy yn my hawwe," jout Buma oan.

De politikus fertelt dat hy nocht hat oan syn nije wurk. Dochs kin hy noch net eksakt sizze wat syn plannen binne foar de gemeente. "Der binne grutte útdagingen foar de gemeente. Mar in boargemaster hat gjin eigen politike aginda, ik wol it mei de ried en it kolleezje dwaan. Dus as ik der bin sille wy ús mei-inoar ynsette foar de gemeente."

Yn it Frysk

Foar de gemeente is it wichtich dat Buma as boargemaster de Fryske taal goed yn 'e macht hat. Buma seit dêroer: "Ja, ik wol Frysk prate mei de Friezen. En yn de ried as it kin. Dus it Frysk moat 100% wurde."

Dochs giet Buma oer yn it Nederlânsk as him frege wurdt oft de funksje yn Ljouwert net in treastpriis foar de CDA-foaroanman.

"Voor mij is het juist de hoofdprijs. Heel simpel, ik heb 17 jaar hier in Den Haag als lid van de Tweede Kamer gewerkt, ben 9 jaar fractievoorzitter geweest en 7 jaar politiek leider. Op het moment dat ik zag dat Ferd Crone afscheid nam heb ik meteen gedacht: hier ga ik op solliciteren. Dit past, dit is het moment. Dus voor mij is het echt een eer en een voorrecht om naar Leeuwarden te komen. En ja, daarvoor moet ik mijn baan hier opgeven."

Sybrand van Haersma Buma oer it boargemasterskip yn Ljouwert

Presys op 'e tiid

Foar de CDA'er komt de oerstap presys op 'e tiid. "Er komt een moment dat je als politicus gaat denken: het is goed om langzamerhand het stokje over te gaan dragen, en je dus met een scherper oog kijkt naar wat er in het land gebeurt. Op dat moment kwam deze vacature. En ik realiseer heel goed dat dit nog in het parlementaire jaar is, maar de procedure gaat zoals 'ie is."

Buma: "Voor mij is dit toch het exacte moment dat ik zei: ik ben aan het nadenken over de toekomst en deze vacature, burgemeester van Leeuwarden, dat voelt zo goed, daar ga ik op schrijven."

Bestjoerstradysje

Dat Buma út in bestjoerdersfamylje komt en syn heit en pake opfolget as boargemaster, makket it boargemasterskip neffens Buma tige bysûnder. "Maar, ik heb het als jongen nooit echt geambieerd. Ik moet heel eerlijk zeggen dat zoon van een burgemeester zijn minder leuk is als de burgemeester zelf zijn. Dus als kind heb ik nooit gedacht: dit wil ik ook. Ik ben nu heel bewust de politiek in gegaan."

Ein augustus sil Buma echt nei Ljouwert ta komme. "Na zoveel jaar in de politiek heb ik echt de indruk dat ik met alle kennis, ervaring en het netwerk dat ik heb heel veel bij kan dragen aan Leeuwarden. Het is dus niet een soort levenslang doel, maar na de jaren op het Binnenhof is het voor mij de hoofdprijs."

(Advertinsje)
(Advertinsje)