Foarútsjen op it fierljepseizoen: "In tige ynteressante kompetysje"

17 maaie 2019 - 09:30

It fierljepseizoen set saterdei tradisjoneel útein mei de wedstriid yn Bûtenpost. It liket it nijsgjirrich seizoen te wurden, mei de toppers fan ferline jier, Thewis Hobma dy't dochs trochgiet en mei jonge talinten. We sjogge mei Freark Wijma, fierljepferslachjouwer foar Omrop Fryslân, foarút op it nije seizoen.

Thewis Hobma - Foto: Martin de Jong

Freark, wa binne by de manlju de grutte favoriten?

"Yn de Topklasse krije we in tige ynteressante kompetysje tusken de rûtiniers en de jonge talinten. Nard Brandsma is de favoryt, mar hy sil konkurrinsje krije fan Frysk kampioen Ysbrand Galama, Sytse Bokma en Hannes Scherjon. En fansels fan Thewis Hobma, dy't noch ien seizoen flamje wol."

In soad bekende nammen. Binne der ek nijkommers dy't we yn de gaten hâlde moatte?

"Jaseker. It is hiel nijsgjirrich wat de topjunioaren fan ferline jier no by de senioaren sjen litte kinne. Freark Kramer fan It Heidenskip waard bygelyks Nederlânsk kampioen yn Burgum mei in nij PR fan 20,44 meter, in Frysk junioarerekôr. Mei sa'n ôfstân kinst ek winne yn de Topklasse. Ek Jan Teade Nauta ljepte ferline jier as junior alris fierder as alle topklassers. En Bobby Zwaagman fan Drylts kin as twaddejiers-senioar altyd foar in ferrassing soargje."

Freark Kramer - Foto: Martin de Jong

Hoe liket it by de froulju, wa binne dêr de kânshawwers?

"Yn de topklasse is Sigrid Bokma fan It Heidenskip de favoryt. Sy wûn ferline jier it klassemint en de Fryske titel. Anneke Broersma en Akke Dijkstra lykje earst de grutste konkurrinten.

Mar dêr komme yn de rin fan it seizoen twa hiel nijsgjirrige kandidaten by. Nederlânsk rekôrhâldster Marrit van der Wal (17,58 m) krige ferline jier in nije krúsbân nei in sky-ûngelok en begjint nei in jier refalidaasje yn de twadde klasse. En ek mearfâldich Frysk en Nederlânsk kampioene Anna-Jet Leyenaar út Jutryp sil wer ljeppe. Se hold op har achttjinde op fanwegen stúdzje yn Wageningen, mar sil no acht jier letter dochs wer los. As sy goed prestearje yn de twadde klasse, kinne se nei 8 juny promovearje nei de 1e klasse. En dan heare se tink ik ek fuortdaliks by de favoriten."

Dan hawwe we noch de junioaren, famkes en jonges. Hoe liket it dêr?

"Wietse Nauta en Jarich Wijnstra sille nei alle gedachten útmeitsje wa't de bêste Fryske junior wurdt. By de jonges knokke Rutger Haanstra en Wisse Broekstra om de haadprizen.

En by de famkes giet it tusken Tirza Boschma, Femke Rispens en Pytrix Westra. Mar yn dizze kategory sitte alle jierren ferrassende talinten."

Troch in fluggere oanrin kin de pols fierder fuort stean en dat soe dan ek hegere ôfstannen opsmite moatte.

Freark Wijma, fierljepferslachjouwer

Fierljeppen is in sport fan de ynnovaasje. Wat binne de lêste ûntwikkelingen?

"De akkommodaasjes wurde hieltyd better. Dat liet bygelyks Burgum it ôfrûne jier al sjen mei it NK dêr't in protte rekôrs delset binne. It NK dit jier is yn Zegveld, ek op in splinternije skâns. Fierder hawwe de Fryske topljeppers yntinsyf dwaande west mei sprinttraining en technykferbettering. Troch in fluggere oanrin kin de pols fierder fuort stean en dat soe dan ek hegere ôfstannen opsmite moatte."

Wêr sjochst it meast nei út?

"It fierljeppen is in prachtige sport om nei te sjen, spektakulêr, maklik te begripen en geskikt foar in breed publyk. As de toppers de nije technyk goed ûnder de knibbel hawwe, krije we in soad striid en spannende finalen. En hooplik sjogge we sa no en dan ek wer ris in útsprong à la Aart de With en Hannes Scherjon: horizontaal út 'e stôk!"

Trefwurden: 
fierljeppen Bûtenpost
(advertinsje)