Drachtster (19) oanhâlden foar gewelddiedige oerfal

17 maaie 2019 - 08:22

In 19-jierrige man fan Drachten is woansdei oanhâlden, fanwege syn belutsenens by in gewelddiedige wenningoerfal, tegearre mei in oare man. Se oerfoelen yn desimber fan foarich jier in 82-jierrige frou yn har hûs yn De Krim, Oerisel. It twatal bedrige de frou mei in wapen en sleat har fyftjin oeren lang op yn de meterkast.

Foto: 112Hardenberg

De twadde fertochte is in 43-jierrige man fan Coevorden, hy is ek woansdei oppakt. Beide fertochten binne oanhâlden, mei tanksij de tsientallen tips dy't binnenkamen nei oandacht foar de saak yn ferskate opspoaringsprogramma's op telefyzje.

Twa freondinnen koene de frou befrije út har benearjende situaasje. Oan de ein fan de moarn besleaten se foar de wissichheid efkes del te gean, omdat de frou net opdaagjen kaam by in gearkomste. Doe't se by har thús kamen, hearden se har út de gongskast wei om help roppen. De frou rûn ferwûnings oan har gesicht op.

De oerfallers namen ûnder oare har trouringen en in sitmeaner mei.

(advertinsje)