Fryske polityk wiis mei kar foar Buma: "Hy is dé man foar dizze post"

17 maaie 2019 - 07:46

De gemeente Ljouwert is freedtemoarn wekker wurden mei in potinsjele nije boargemaster. Tongersdeitejûn waard yn de riedsgearkomste bekend makke dat Sybrand van Haersma Buma foardroegen wurde sil as de nije boargemaster. In konservative man yn in progressive stêd, wat wiene de earste reaksjes yn de provinsje op it beslút?

Foto: ANP

CDA-fraksjefoarsitter Sytse Brouwer is tige wiis mei de kar. "We hiene hope dat dit barre soe en wy binne der wiis mei. Buma is in man mei in hiel grut netwurk, hy is in boechbyld, eltsenien ken him, hy is in echte Fries, hy hat in grutte bining mei Ljouwert. Hy is dé man foar dizze post."

Brouwer sit der net oer yn dat Buma syn âlde funksje fertiizje sil mei syn nije rol as boargemaster. "Hy is in CDA-man, mar ik bin derfan oertsjûge dat hy dat achter him litte kin en dat hy no in nije breahear hat. Dat stiet boppe de partijen."

'Reade stêd'

"Buma foldocht oan it profyl. Hy is de bêste kandidaat, oars wie er net keazen", seit PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi. Dat Buma boargemaster wurdt yn in oerwaagjend 'reade' stêd, is neffens Jacobi gjin probleem.

"De boargemaster moat de bêste dingen dwaan foar ús gemeente en ús stêd, mei in goed netwurk. De útdaging is, dat jilde ek foar Crone doe't er hjir kaam, datst fan alle minsken wurdst."

"Hij is een hele serieuze kandidaat. We zijn allemaal heel erg blij met onze stad en onze gemeente en we willen dat er een zo goed mogelijke kandidaat solliciteert", seit VVD-fraksjefoarsitter Serge Hollander.

As lieder fan it CDA en as Twadde Keamerlid hat Buma fansels in sterk polityk profyl. Hollander tinkt net dat Buma syn útspraken yn dy rol oan him kleevjen bliuwe sille. "Hij gaat nu naar een hele andere soort functie, de functie van een burgemeester zonder kleur", seit Hollander.

Politike kleur

"We weten dat iemand een kleur heeft of heeft gehad, maar we verwachten wel dat het een burgemeester wordt van de hele gemeente. Van arm tot rijk, van links tot rechts en alles wat daartussen zit. Dat verwachten we nu ook van hem en dat is in de gesprekken ook met hem besloten."

Gemeentebelangen Leeuwarden-fraksjefoarsitter Gijs Jacobse kin him ek wol fine yn it beslút. "Hij is iemand die zich niet onder hoeft te doen voor een burgemeester van Amsterdam met hetzelfde carrièrepad. Ik denk dat we heel erg blij mogen zijn met iemand met zijn connecties en capaciteiten."

Swiergewicht

Ofgeand boargemaster Ferd Crone hat Buma fuortendaliks lokwinske. "Ik ben heel blij dat er zo'n zwaargewicht komt. Ik heb zelf ook altijd gemerkt: je kunt hier blijven zitten, maar je moet het halen in Den Haag of in Brussel", fertelt Crone.

"Maar je moet iemand hebben die Friesland kent - hij kent Friesland van oudsher al veel beter dan ik - en dan heb je ook nog dat hij een geweldig netwerk heeft. Daarnaast heeft hij veel bestuurlijke ervaring én de traditie van zijn familie. Veel beter kun je niet vinden."

Alde bekenden

De twa manlju kenne inoar al langer. Doe't Crone yn de Twadde Keamer siet, siet Buma al as meiwurker by de fraksje. "Ik ken hem al 25 jaar. Hij kent heel veel mensen. Hij is ook heel degelijk, heel inhoudelijk."

"Dat politieke is pas de laatste jaren als fractievoorzitter sterk naar voren gekomen. Maar hij is hier geen partijpoliticus, hij is hier van alle partijen." Crone seit syn funksje mei in soad betrouwen oer te dragen.

(advertinsje)