Fermindere wetterdruk troch leidingbreuk op It Hearrenfean

17 maaie 2019 - 07:32

As gefolch fan in breuk yn in lieding is der sprake fan fermindere of gjin wetterdruk op It Hearrenfean en omkriten. It lek is yntusken isolearre en de wetterdruk rint stadichoan wer op. De ferwachting is dat der om 9.30 oere hinne wer wetter út de kraan komme sil. Vitens ûndersiket de oarsaak fan de steuring.

It Bornego Kolleezje en it OSG Sevenwolden ha alle learlingen freed foar de rest fan de dei frij jûn. Sy rjochtsje har benammen op learlingen dy't eksamens dwaan moatte, want dy geane wol gewoan troch. Sy kinne ek gewoan nei it húske.

(advertinsje)
(advertinsje)