Pieter-Jan Postma oer Olympyske Spelen: "It wurdt him wierskynlik net mear foar my"

16 maaie 2019 - 22:11

It sil dreech wurde foar siler Pieter-Jan Postma om in ticket foar de Olympyske Spelen te heljen. De Fries sakke tongersdei op de fjirde dei fan it EK Finnsilen yn Atene noch fierder fuort. Dêrtroch binne de kânsen foar syn direkte olympia-ticket-konkurrint Nicolaas Heiner grutter wurden.

Foto: Pedro Martinez/Sailing Energy

"It wurdt him net foar my"

De siler út Terkaple helle tongersdei yn trije races in 30e, in 7e en in 48e plak. It rûn net lekker, sei er nei ôfrin. "It nivo leit heech en ik kom tekoart. It is de nasjonale seleksje en do witst dat der in soad mooglik is. En dan slagget it net. Moatst reeël bliuwe. Der kin mar ien nei de Olympyske Spelen. En op dit stuit - it is net offisjeel, mar reeël besjoen - wurdt it him net foar my. Ik hie in kâns en dy haw ik net pakt."

Medalrace

Postma syn doel is no de grutte finale te heljen op sneon. Freed binne der noch reguliere wedstriden en dan is sneon de ôslutende wedstriid om de medaljes. Oan de medalrace mei de top 10 meidwaan.

Trefwurden: 
silen Atene EK Finnsilen
(advertinsje)
(advertinsje)