Sybrand van Haersma Buma, telch út in boargemastersfamylje

16 maaie 2019 - 21:47

Syn foarâlden wienen it al, en no set Sybrand van Haersma Buma de famyljetradysje troch: boargemaster wurde. Tongersdeitejûn waard bekend dat Buma de opfolger fan Ferd Crone wurdt as boargemaster fan Ljouwert. De CDA-foarman giet út de lanlike polityk foar in funksje yn de provinsje dêr't er berne is.

Foto: ANP

Namme: Sybrand van Haersma Buma

Bertedatum: 30 july 1965

Berteplak: Warkum

Funksje: Fraksjefoarsitter fan it CDA

Buma waard berne yn Warkum. Nei't er it ateneum yn Snits ôfmakke hat, ferhuze Buma nei Grins, om Nederlânsk Rjocht te studearjen. Doe't er dat ôfrûne hie, stuts Buma de Noardsee oer om oan de Universiteit fan Cambridge in postdoktorale stúdzje Ynternasjonaal Rjocht te dwaan.

It boargemasterskip sit de famylje Buma yn it bloed. Syn heit, Bernhard van Haersma Buma, wie boargemaster yn Warkum en Snits. Syn pake, Sybrand Marinus van Haersma Buma, wie boargemaster fan Starum en Wymbritseradiel. Yn syn funksje as boargemaster fan Wymbrits is er op transport set nei kamp Neuengamme, dêr't er yn 1942 ferstoar, 38 jier âld.

CDA

Yn 1990 begûn Buma as stêfjurist by de ôfdieling rjochtspraak fan de Ried fan Steat. Dêrnei hat er twa jier lang beliedsamtner west by it ministearje fan Ynlânske Saken. Fan 1994 ôf wie Buma beliedsmeiwurker fan de Twadde Keamer-fraksje fan it CDA. Dêrnei is er keazen as Keamerlid.

Fan 2010 ôf is er fraksjefoarsitter. Der wie doe in soad rebûlje yn de partij. It CDA siet doe yn in kabinet dat stipe waard troch de PVV. In soad CDA'ers wiene it dêr net mei iens. It slagge Buma yn de tiid dêrnei om de rêst yn de fraksje en yn de partij werom te krijen.

Buma brocht lykwols rêst yn de fraksje. Nettsjinsteande it sukses yn de fraksje fan de ôfrûne jierren, stiet de posysje fan Buma ûnder druk. Leden fine dat it tiid wurdt foar in nije lieder. Wopke Hoekstra en Hugo de Jonge, dy't beiden minister binne yn it kabinet, binne yn de race.

Bân mei Ljouwert

Buma past goed yn it opstelde profyl fan de gemeenteried. Sa hat er in soad bestjoerlike ûnderfining en in grut netwurk yn Den Haag. Om't er fan oarsprong út Fryslân komt, hat er ek affiniteit mei de Fryske taal. Ek hat er in stevige bân mei Ljouwert. Buma syn heit wennet yn de stêd en hy wurdt geregeld sjoen by Tresoar dêr't er dwaande is mei histoarysk ûndersyk.

De offisjele beneaming is oan de Kening en oan de minister fan Ynlânske Saken. Sy moatte de foardracht offisjeel goedkarre.

(advertinsje)
(advertinsje)