Sybrand van Haersma Buma foardroegen as nije boargemaster fan Ljouwert

16 maaie 2019 - 22:11

CDA-foaroanman Sybrand van Haersma Buma (53) wurdt foardroegen as nije boargemaster fan de gemeente Ljouwert. Dat is tongersdeitejûn bekend makke yn de riedsgearkomste. Flak dêrfoar naam de gemeenterie fan Ljouwert it beslút oer de foardracht. De offisjele beneaming is oan de Kening en de minister fan Ynlânske Saken.

Trettjin minsken hawwe sollisitearre nei de funksje, fjouwer froulju en njoggen manlju. Kommissaris fan de kening Arno Brok hat út dy trettjin in earste seleksje makke en dy foarlein oan in fertrouwenskommisje, besteande út leden fan de gemeenterie.

Van Haersma Buma wurdt yn augustus ynstallearre. Hy folget Ferd Crone op, dy't nei tolve jier ôfskied nimt fan it boargemasterskip. Crone is foar de PvdA kandidaat by de Earste Keamerferkiezings fan maaie. Foardat er boargemaster fan Ljouwert waard, siet Crone foar dy partij yn de Twadde Keamer.

Foto: ANP

Sybrand van Haersma Buma: Ik bin fereare mei de oanbefelling

(advertinsje)