Noch gjin útspraak yn saak tsjin keatser Daniël Iseger

16 maaie 2019 - 21:24

De strafkommisje fan it keatsbûn KNKB hat tiisdei de saak tsjin keatser Daniël Iseger behannele. De kommisje hat lykwols noch gjin útspraak dien. Earst moat der mear ynformaasje fan it bûnsburo fan de KNKB komme.

Daniël Iseger - Foto: Henk Bootsma

Om hokker ynformaasje it giet, wol bûnsdirekteur Marco Hoekstra net sizze. Neffens him sil de strafkommisje him kommende tiisdei wer bûge oer de saak tsjin Iseger.

Keatser Daniël Iseger waard troch de KNKB rapportearre by de strafkommisje, omdat er op 28 april in offisjele wedstriid keatst hat foar de ôfdieling OG Huzum. Neffens de KNKB mocht er net foar dy feriening útkomme. Iseger wennet yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. Dy falt neffens it keatsbûn ûnder it gebiet fan de keatsferiening Goutum.

Trefwurden: 
keatsen KNKB Daniël Iseger
(advertinsje)
(advertinsje)