IFKS mjit en waacht net allinnich IFKS-skûtsjes, mar ek in âld SKS-skûtsje

It soe samar kinne dat it âld skûtsje fan de Súdwesthoeke in comeback makket yn de IFKS. It skip hat tongersdeitemiddei foar de IFKS-mjitting it wetter út west. Skipper Age Bandstra hâldt de kaarten noch in bytsje foar it boarst, mar it is wol dúdlik dat er serieuze plannen hat.
IFKS weaget net allinnich IFKS-skûtsjes mar ek in âld SKS-skûtsje
"Dit jier wurdt it neat mear. Der moatte nije seilen komme en der is ek noch gjin skipper", fertelt Bandstra. "Mar it kin mar sa wêze dat it âlde kampioensskip yn 2020 oan de start fan de IFKS ferskynt".
De technyske kommisje waacht en mjit tongersdei en freed ûnder lieding fan Harm Kuipers de IFKS-skûtsjes. Fan de 68 skûtsjes wurde alve metten. Allinnich de skûtsjes dy't nij yn de IFKS binne of dy't ferlinge of ynkoarte binne, wurde woegen en metten. Dat is bygelyks it gefal mei de 'Hoop op Zegen' fan Chris van den Berg út de lytse A-klasse. "Ik ken it listje net út 'e holle", seit Kuipers. "It binne in soad."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei Harm Kuipers oer it wegen fan de skippen
De keuring wurdt foar de tredde kear hâlden. "Wy moate flink trochwurkje. As elkenien op 'e tiid komt, kin it moai ", seit Kuipers. De kommisje is sa'n twa oant twa-en-heal oere mei de mjittingen fan elk skûtsje dwaande.
Age Bandstra oer it âld kampioensskûtsje SWH by de IFKS-mjitting