Wjirmûndersiker Onrust wint wittenskipspriis Campus Fryslân

Dr. Jeroen Onrust (30) hat de wittenskipspriis 2019 fan de RUG Campus Fryslân wûn. De priis, in bedrach fan tsientûzen euro is beskikber steld troch de gemeente Ljouwert. Hy waard útrikt troch wethâlder Friso Douwstra. Onrust is biolooch. Hy hat yn Fryslân ûndersyk dien nei wjirms yn relaasje ta de greidefûgelpopulaasje.
Jeroen Onrust krige syn priis fan wethâlder Friso Douwstra © Campus Fryslân / Jacob van Essen

Minder reade wjirms troch ynspuite jarre yn lân

Konklúzje fan it ûndersyk is dat der hieltyd minder reade reinwjirms yn de greiden te finen binne, benammen dêr't jarre yn de boaiem ynjektearre wurdt. Krekt dy wjirms binne fan grut belang foar it ekosysteem fan de greide en dus essinsjeel foar de greidefûgels.
De slach om greidefûgel is al ferlern, stelt ek Theunis Piersma, dy't Onrust yn syn ûndersyksperioade stipe. "Miskien is it goed om no de reade reinwjirm mar yn it ljocht te setten, lykas de skries by Kening fan de Greide, want dêr kinne we dalik wol in stânbyld foar oprjochtsje om't dy hjir folslein ferdwûn is." Beide wittenskippers wiisden nochris op it belang fan objektyf wittenskiplik ûndersyk. "Dêr't wy mei komme is net sa mar in opfetting, is witten!".
Doel fan de wittenskipspriis Campus Fryslân is it stypjen fan wittenskiplik ûndersykstalint en fan ûndersiken dy't wat mei Fryslân te krijen hawwe.
Wittenskipspriis foar Jeroen Onrust