Roubuorden Hegebeintum opfallend oerbliuwsel fan Fryske adel

Fan de oerbliuwselen fan de Fryske adel is de kolleksje roubuorden yn de tsjerke fan Hegebeintum in hiel opfallende. De belangstelling foar dizze 'rouadvertinsjes' fan de rike famyljes út de 18e en 17e iuw nimt hieltyd mear ta. Tûzenen minsken komme alle jierren nei Hegebeintum ta om de kolleksje te besjen.
Roubuorden Hegebeintum
Restaurateur Randolph Algera fan skildersbedriuw Art-Decor op It Hearrenfean hat de buorden opknapt. In bysûndere put wurk. Restauraasje fan orizjineel blêdgoud waard dien mei wattestokjes. Alle sechstjin buorden binne skjinmakke en safolle mooglik yn de oarspronklike kleuren werombrocht. Sa is de histoaryske wearde foar de kommende generaasje fêstlein.
Dat de kolleksje roubuorden net fernield is yn de Frânske tiid is te tankjen oan de bewenners fan Harsta State yn Hegebeintum. Dy hawwe de buorden nei alle gedachten in skoftlang út it sicht bewarre en letter werom hongen yn de tsjerke. It giet om de famyljes mei nammen as Van Nijsten, Heeringa, Van Aysma en Van Coehoorn.
Omrop Fryslân stjoert in rige út oer bysûndere rou- of memoarjebuorden yn it tv-programma Fryslân Hjoed. Dizze wike de kolleksje fan sechstjin restaurearre roubuorden yn de tsjerke fan Hegebeintum.