Wurk oan it spoar: wike lang gjin treinen fan Ljouwert nei Akkrum

Yn de wykeinen fan 25 oant 27 maaie en 1 juny oant 3 juny ride der gjin treinen op it trajekt Ljouwert-Meppel. De dagen dêrtuskenyn ride der boppedat gjin treinen tusken Ljouwert en Akkrum.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn dy perioade fernijt spoarbehearder ProRail wiksels, it spoar, ballêst en in pear oerwegen. Dat betsjut dat treinreizgers de bus brûke moatte, mar ek dat it oare ferkear de oerwegen in bepaalde tiid net brûke kin.
Yn de wykeinen dat it spoar derút leit tusken it hiele stik Ljouwert-Meppel, is dat fan saterdeis 00.00 oere oant moandeis 05.00 oere.