Fries Museum wint ynternasjonale priis mei Escher-tentoanstelling

16 maaie 2019 - 18:12

De tentoanstelling 'Escher op reis' fan it Fries Museum yn Ljouwert hat sulver wûn by de National Heritage Awards. De prizen waarden woansdeitejûn útrikt yn Londen. The Australian National Maritime Museum wûn de earste priis. Beide diene mei yn de kategory 'International Project of the Year, less than £1m'.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"We leren steeds beter om als regionaal museum op dit internationale podium te presteren. Het zou mooi zijn als we dit vanuit Friesland kunnen volhouden", seit direkteur Kris Callens fan it Fries Museum yn reaksje op de priis.

De tentoanstelling 'Escher op reis' wie ferline jier te sjen yn it museum. Der kamen goed 250.000 besikers op ôf. It wie dêrmei de meast suksesfolle tentoanstelling yn de skiednis fan it museum. De tentoanstelling joech in byld fan de ûntwikkeling fan de yn Ljouwert berne Escher fan grafysk talint ta wrâldferneamd keunstner.

(advertinsje)