Azc Balk mei wer iepen, earste bewenners komme nei alle gedachten takom wike

16 maaie 2019 - 17:48

It azc yn Balk mei fan tongersdei ôf wer iepen. Dat meldt de gemeente De Fryske Marren. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat besletten de iepenstelling ta te litten oant it momint dat de omjouwingsfergunning foar it tydlike azc fan krêft wurdt. De earste bewenners komme nei alle gedachten begjin takom wike.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It azc gie yn oktober ticht. Flak dêrnei waard dúdlik dat it tal asylsikers wer tanimt en dat der ferlet fan opfangromte is. It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers frege dêrom oan De Fryske Marren de mooglikheid om de lokaasje yn Balk wer iepen te stellen. De gemeente wol dêroan meiwurkje, mar ynwenners kinne noch wol beswier meitsje.

Salang't de fergunningproseduere noch rint, lit de gemeente it ta dat it azc weriepene wurdt. Dat is wol op eigen risiko foar it COA, sizze boargemaster en wethâlders.

Trefwurden: 
De Fryske Marren Balk AZC
(advertinsje)
(advertinsje)