Socht foar dokumintêre: âlde bylden en foto's fan badpaviljoen Hylpen

It Badpaviljoen fan Hylpen sit by in soad minsken yn it ûnthâld. Benammen yn de tiden dat der noch in strân by wie, kamen út de fiere omkriten minsken mei moai waar nei Hylpen. Dat begûn al yn 1911 doe't it boud waard. Der sit in hiele histoarje oan it gebou en ek in histoarje fan striid. De eigener hat in stek om it gebou sette litten en it is no net mear iepenbier tagonklik. De gemeente Súdwest-Fryslân hat no in twangsom oplein, omdat der yllegaal ferboud west hawwe soe. Koartsein, it badpaviljoen is in ferhaal foar in dokumintêre. En dêr sykje wy foto's foar út de jierren '60 en begjin jierren '70.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Der binne in soad ferhalen en ek âlde bylden en foto's. Der is lykwols ien perioade dêr't hast neat oer te finen is. De perioade yn de jierren '60 en begjin '70. Yn dy perioade wie it paviljoen yn hannen fan Bull en Dirk Verweij. Sy wiene de oprjochters fan Veronica. Yn dy jierren wiene der konserten en letter ek drive-in shows yn it paviljoen. Ferneamde populêre dj's wiene der mei regelmaat en de jeugd fûn it fantastysk.
Foar in dokumintêre oer it badpaviljoen binne wy by Omrop Fryslân op syk nei bylden en foto's fan benammen dy tiid. Mar fansels binne ek oare bylden wolkom. Bylden of tips kinne nei redaksje@omropfryslân.nl stjoerd wurde.
© Simone Scheffer
Simone Scheffer oer Badpaviljoen Hylpen