Gymseal Snits wurdt sloopt; soargen oer rûte nei oare lokaasje

De slim fertutearze gymnastykseal fan de Simon Havingaskoalle yn Snits wurdt dizze simmerfakânsje sloopt. De seal is de lêste jierren net ûnderhâlden, omdat der plannen wiene foar nijbou by it kompleks fan fuotbalferiening LSC, oardel kilometer fierderop. Mar dy plannen binne ôfkard troch wolstânskommisje Hûs en Hiem.
© Remco de Vries, Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân ha besletten dat der gjin nije gymnastykseal komt. Der binne genôch akkommodaasjes yn de gemeente, sizze B en W. In nijen ien derby bouwe, soe betsjutte kinne dat oare lokaasjes noch minder brûkt wurde as no. Boargemaster en wethâlders wize der by it beslút op dat de prognoazen oanjouwe dat der de kommende jierren minder learlingen komme. Se wolle net bouwe foar leechstân.

Gefolgen foar ûnderwiistiid

De learlingen fan de Simon Havingaskoalle kinne nei in gymseal op oardel kilometer ôfstân. Joop Fortuin fan skoalkoepel Palludara, dêr't de skoalle ûnder falt: "It hat gefolgen foar de ûnderwiistiid, omdat je mear reistiid ha. Mar de ôfspraken dy't de gemeente makke hat, falle binnen de regels dy't jilde foar gymnastyk."
De âlde gymseal © Remco de Vries, Omrop Fryslân
De oare seal wurdt op dit stuit brûkt troch twa oare basisskoallen. Mar de gemeente seit dat der genôch romte is foar alle learlingen om dêr te gymnastykjen.
De rûte dy't de bern fan de Simon Havingaskoalle rinne moatte nei de ferfangende gymnastykseal giet wol oer in pear ûnfeilige plakken. Se moatte bygelyks oer in smelle dyk lâns in drokke supermerk. En se moatte in gefaarlik krúspunt oerstekke.

Rûte feilich genôch?

Skoalkoepel Palludara fynt it wol in betingst dat dêr in oplossing foar komt. De koepel hat dêr yntusken kontakt oer hân mei de gemeente. "De ôfdieling ferkear sil yn petear oer de rûte dy't de bern folgje kinne en ek oer de feilichheid", seit Fortuin. "Dan binne we wis dat âlden har dêr gjin soargen oer hoege te meitsjen."
De âlde gymseal © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Der leit noch net in konkreet plan om de rûte feiliger te meitsjen. It krúspunt dêr't de bern del moatte soene, waard neamd as ferkearsûnfeilich by it meldpunt dat Omrop Fryslân yn april op de webside hie.
Joop Fortuin fan skoalkoepel Palludara