LTO wol dat oerheid hurd yngrypt by 'diere-ekstremisme'

16 maaie 2019 - 16:24

Lânbou-organisaasje LTO en de POV (Producenten Organisatie Varkenshouderij) wolle dat der hurder yngrepen wurdt by aksjes fan diere-aktivisten lykas begjin dizze wike yn Boxtel. Doe besetten goed hûndert minsken ûnder de namme Meat the Victims in bargestâl. "Dat heeft een grote impact op de ondernemer en zorgt voor onrust angst en verontwaardiging onder boeren."

Foto: ANP

De lânbousektor fielt in 'brede maatskiplike stipe' foar de boerefamylje yn Boxtel. Dochs sizze se dat de soarch en eangst ûnder boeren grut is. Se hawwe minister Carola Schouten frege om by sokke aksjes it fluchrjocht te brûken. Dêrnjonken wolle LTO en POV dat ekonomyske skea foar de ûndernimmers ferhelle wurdt op de dieders.

De twa organisaasjes wolle ek dat der mear prioriteit jûn wurdt oan it monitoarjen, 'screenen' en ûndersykjen fan aksjegroepen. "Als er niet hard tegen illegale acties wordt opgetreden, is dat een signaal dat eigenrichting wordt getolereerd", skriuwe se.

Se roppe boeren op om de plysje te beljen, as se it fermoeden hawwe dat der yllegale aksjes by harren plakfine sille. Ynkoarten sille LTO en POV ek prate mei minister Ferdinand Grapperhaus fan Feiligens en Justysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)