Fryslân DOK: De Val d'Aran, in foarbyld foar Europa?

16 maaie 2019 - 16:14

In soad minsken hawwe der nei alle gedachten noch nea fan heard, mar de Aranezen hearre nei alle gedachten by de bêst beskerme minderheden fan de Europeeske Uny. De Aranezen wenje yn in fallei fan de Pyreneeën yn it uterste noardwesten fan Kataloanië. Se hawwe in eigen taal, it Araneesk, selsbestjoer, eigen media yn it Araneesk en in eigen ûnderwiissysteem dat de bern al op de basisskoalle fiif talen leart. En dat foar noch gjin tsientûzen ynwenners. It is noch mar de fraach hoe't it komt mei de Val d'Aran as Katalonië ûnôfhinklik wurdt. Fan presidint Puigdemont meie de Aranezen sels kieze foar Kataloanië of foar Spanje, mar in soad Aranezen hawwe hielendal gjin ferlet om sa'n kar te meitsjen, sa docht bliken yn de dokumintêre dy't FryslânDOK dit wykein útstjoert.

Ienkear yn de Val d'Aran wurdt gau dúdlik hoe't it kin dat krekt de Araneeske taal en kultuer sa goed bewarre bleaun is. Troch de hege Pyreneeën wie de fallei iuwenlang yn de winter amper te berikken út de rest fan Spanje wei. De fallei wie fral op Oksitanië rjochte, it suden fan Frankryk, dêr't se ek kultureel by hearre. Mar mei in nije tunnel en in berchpas waard de Val d'Aran ek út it suden wei ûntsletten. It gebiet waard yn Spanje tige populêr as fakânsjebestimming. Kataloanië joech de streek autonomy en in aparte 'Wet Aran' om de status fan de fallei te regeljen. De Aranezen hawwe sadwaande beide nedich: Kataloanië sponsoret de Val d'Aran, mar de Spaanske toeristen binne de koark dêr't de ekonomy yn it gebiet op driuwt.

Haadstêd Viella fan de Val d'Aran - Foto: Omrop Fryslân

Fiif talen

Yn de deistige praktyk gean de Aranezen reedlik probleemleas mei-inoar om. Se binne, hiel typysk foar in lytse minderheid, sa meartalich as wat. Aldere Aranezen prate njonken Araneesk en Spaansk ek goed Frânsk, want foar sikehûs en boadskippen reizgen se foarhinne altyd nei Frankryk. Jongere Aranezen prate oer it generaal ek knap Ingelsk, want de stream toeristen wurdt hieltiid ynternasjonaler.

FryslânDOK dwaande om in liet fan de Araneeske sjongeres Alidé Sans op te nimmen - Foto: Omrop Fryslân

Araneesk yn it ûnderwiis

Om dy toeristen fan apparteminten, iten en drinken te foarsjen binne ek in soad Andalusiërs en minsken út oare Europeeske lannen yn de Val d'Aran bedarre. Yn it basisûnderwiis yn de streek - neffens saakkundigen mooglik it bêste fan Spanje - leare de bern lêzen, skriuwen en rekkenjen yn it Araneesk. In eigen Araneeske akademy en ûnderwiistsjinst stypje it ûnderwiis mei wurdboekjes, grammatikaboekjes en allerhanne learmiddels. Mei-inoar leare de bern al op de basisskoalle fiif talen: Araneesk, Katalaansk, Spaansk, Ingelsk en Frânsk.

Skoalle mei acht bern

FryslânDOK bedarret op de skoalle fan it doarpke Gessa. De skoalle hat mei-inoar acht learlingen, dy't in soad persoanlike oandacht krije. Reizgjende ûnderwizers fersoargje it ûnderwiis yn Ingelsk en gymnastyk. Op de dei dat FryslânDOK op besite komt bestiet it programma út sjongen, sport en taartmeitsjen, want op de lêste dei foar de 'Semana santa' (hillige wike), wurdt op skoalle in tradisjonele peasketaart makke.

Bern op de skoalle fan Gessa meitsje in tradisjonele peasketaart - Foto: Omrop Fryslân

Teloarsteld yn Spaanske polityk

Koartsein, de Aranezen hawwe it aardich foarinoar en sadwaande hawwe se gjin grut ferlet fan grutte feroarings. Presidint Carlos Barrera moat djip suchtsje as we him freegje nei de spanningen tusken Spanje en Kataloanië. "Ik hie net tocht dat de Spaanske polityk himsels ta sa'n leech nivo ferleegje soe", is syn persoanlike opfetting oer de Spaanske Partido Popular. Barrera begrypt hiel goed wêrom't de Katalanen sa frustrearre binne oer Spanje. "Polityk begjint altiten mei goed harkje, respekt toane en besykje om de oar te begripen. As se dat no ris besykje soene yn Madrid..." De Aranezen wite net oars as dat jo mar it bêste besykje kinne om de grutte en machtige buorlju te begripen.

Gûlende plysjeman

Op 1 oktober 2017 waard ek yn de Val d'Aran stimd oer de ûnôfhinklikheid fan Kataloanië. Plysjes besochten dat op te kearen. Ta geweld kaam it net, krekt oarsom: in Araneeske plysje dy't freonen en kunde tsjinhâlde moast, koe syn triennen net ynhâlde en waard oanslutend troch harren treaste. Bylden fan dat ynsidint giene de wrâld oer.

Rekôrtal Araneeskskriuwers

"Ik snap net wêrom't je perfoarst kieze moatte om of Katalaansk, of Spaansk of noch wat oars te wêzen", seit sjoernaliste Clara Villar fan Aran TV. "Ik fiel my eins alles tagelyk. Wêrom soe dat net kinne?" Clara har âlden binne út Andalusië wei nei de Val d'Aran ferhuze. Clara is sels sa Araneesk wurden, dat se no in taalkwis op de pleatslike televyzje presintearret. "Tanksij it ûnderwiis hawwe noch nea safolle minsken as no Araneesk skreaun", fertelt direkteur Jusep Loís Sans Socasau fan de Araneeske Akademy. It behindige ynstitút hat mei-inoar fjirtjin meiwurkers, dy't it wurk oan bygelyks in 'Araneesk wintersportboek' of Araneeske tiidwurdferbûgingen thús dwaan kinne. Sans Socasau is wiis mei de Katalaanske stipe.

Puigdemont respektearret autonomy Val d'Aran

Yn Brussel is de Katalaanske presidint-yn-ballingskip en kandidaat-Europarlemintariër Carles Puigdemont bliid as er op in parsekonferinsje in fraach oer de Val d'Aran krijt. "Wy respektearje de eigen identiteit en autonomy fan de Val d'Aran. Fansels. Lykas dat de Katalanen it rjocht hawwe om te kedizen oer de eigen takomst, hawwe de Aranezen dat ek."

Spitzenkandidat Frans Timmermans fan de sosjaal-demokraten seit op syn beurt dat er 'waarm foarstanner is fan it beskermjen fan minderheden en identiteiten'. "Maar alleen zolang dat gebeurt binnen de constitutie. Als je in strijd met de grondwet handelt, wordt je aangepakt. Dat is logisch." Puigdemont sjocht dat lykwols oars. "De Katalaanske striid giet om it rjocht om sels te kiezen. Wy wolle Europa demokratysker meitsje troch de Europeeske boargers in gruttere stim te jaan." As Puigdemont keazen wurdt, en dy kâns is reëel, dan komt de Katalaanske kwestje - en dêrmei ek de posysje fan oare minderheden - de kommende perioade wer werom op de Europeeske politike aginda.

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Puigdemont - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)