Plaatselijk Belang St. Anne oer azc: Ynsidinten binne der, mar "ûnfeiligens is faak in gefoel"

16 maaie 2019 - 15:56

Der binne soargen oer lytse groepen migranten dy't yn en om asylsikerssintra oerlêst feroarsaakje. It giet benammen om minsken dy't út feilige lannen as Marokko, Tunezië en Algerije komme en hjir asyl oanfrege hawwe. Se komme net yn oanmerking foar in ferbliuwsfergunning. Plaatselijk Belang St. Anne fynt it spitich dat minsken út feilige lannen opfongen wurde yn Sint-Anne.

Dochs docht út sifers fan it COA, dy't tiisdei bekend makke binne, bliken dat fan alle ynsidinten dy't plakfûn hawwe yn en om asylsikerssintra yn Nederlân in tredde feroarsake wurdt troch saneamde 'feiligelanners'.

Gemeentlik oerlis

Neffens boargemaster Marga Waanders fan gemeente Waadhoeke is dat soarchlik. Mei it COA en de plysje wurdt de situaasje yn de gaten hâlden. Se sille bygelyks oan dossierfoarming dwaan. As ien bûten syn boekje giet, wurdt dat registrearre. As dat te faak foarkomt, wurdt dy persoan oerpleatst. Waanders seit mei oare boargemasters fan asylgemeenten yn Fryslân prate te wollen.

It giet om lytse groepkes asylsikers dy't de oerlêst feroarsaakje. It COA ferspriedt de feiligelanners oer alle sintra yn Nederlân. De soargen lizze by de asylsikerssintra op it plattelân. Laas Bouma, fan Plaatselijk Belang St. Anne fernimt dat der somtiden mear ynsidinten binne.

"Sûnt de oprjochting fan it asylsikerssintrum is der út en troch wat spanning yn it doarp. We hawwe in ynbraakgolfke hân. Dat wurdt no spegele op it azc. No is it sa dat de doelgroep dêr't wy it oer hawwe, hjir kommen is nei dy ynbraken. Unfeiligens is faak in gefoel."

Boargerwacht

Fansels binne der ynsidinten, giet Bouma fierder. "Wy as Pleatslik Belang sitte alle moannen om tafel mei omwenners, de plysje, de gemeente en it azc sels. Yn de fyftjin jier dat it azc hjir no sit, hat der suver gjin ekstra oerlêst west as jo it ferlykje mei it hâlden en dragen fan oare boargers. Der binne ek in hiel soad ynwenners dy't omgean mei dizze asylsikers en mei harren in goede relaasje hawwe. Nei alle gedachten sille der wol in pear ynsidinten west hawwe. As út de sifers bliken docht dat by de ynsidinten ientredde feiligelanners belutsen wiene, dan twatredde net."

Foto: Google Street View

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust en Laas Bouma oer de situaasje

Fan it bestean fan in boargerwacht wist de foarsitter fan doarpsbelang oant tongersdeitemoarn neat. Hy hat besocht om dêr ynformaasje oer te krijen, mar hat net swart op wyt krigen hoefolle minsken oft yn dy boargerwacht sitte en troch wa't se oanstjoerd wurde.

Risikosprieding

It COA ferdielt groepkes feiligelanners oer de asylsikerssintra as in soarte fan risikosprieding, seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust. Hy hat mei it COA belle. "It giet net om grutte groepen. Se helje wolris amokmakkers útinoar. Dat docht it COA al jierren. Sy jouwe ta dat de feiligelanners de measte problemen jouwe. Dy hawwe rjocht op in asyloanfraach, mar de kâns dat se hjir bliuwe meie, is hiel lyts. It soe moai wêze dat fuortendaliks sein wurdt: Jo komme út in feilich lân. Jo meitsje gjin kâns en jo komme der net yn. Mar dat is oan it regear, it COA mei gjin belied meitsje, mar inkeld útfiere."

Trefwurden: 
Sint-Anne AZC asylsikers
(advertinsje)
(advertinsje)