Drachtster ûntfiert eks-freondinne op Wâldwei mei 'nepplysje'

16 maaie 2019 - 15:32

In Drachtster fan 47 jier moat fan de rjochter ta observaasje nei it Pieter Baan Centrum yn Utrecht. De man wurdt derfan fertocht dat er yn oktober ferline jier syn eks-freondinne ûntfierd hie mei de help fan in nepplysje,

Foto: Google Street View

De rjochtbank fan Ljouwert kaam ta it beslút op advys fan in psychiater. Dy hie yn earste ynstânsje in behanneling yn in psychiatryske klinyk advisearre. Dat advys waard basearre op in dielse bekentenis fan de Drachtster: hy hie tsjin de psychiater en de plysje allinnich tajûn dat er syn eks fiif moanne lang stalke.

'Oanholden' op de Wâldwei

Op de sitting sei er lykwols ek dat er syn eks ûntfierd hie. Mei in oar persoan, dy't him ferklaaid hie as plysje, waard de frou op 3 oktober op de Wâldwei 'oanholden'. Dêrnei soe se mei in pistoal bedrige wêze en gong se mei de Drachtster nei hûs. Dy soe drige ha om famyljeleden fan de frou om te bringen.

Op basis dêrfan konkludearre de psychiater dat syn rapport net folslein wie. "Dit betekent dat de situatie veel ernstiger is, dan ik heb ingeschat", sei de psychiater op de sitting. Omdat it gefaar bestiet dat de Drachtster op 'e nij de fout yngiet, advisearre de psychiater de man opnimme te litten foar in psychologyske observaasje. De rjochtbank gong dêr yn mei.

(advertinsje)
(advertinsje)